PVV wol fan boargemaster ôf

© Omrop Fryslân
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Achtkarspelen moat ûntslach krije om syn aksje tsjin de parkearboetes dy't útdield binne oan gasten fan syn nijjiersresepsje. Dat fynt de Twadde Keamerfraksje fan de Partij van de Vrijheid.
Keamerlid Brinkman freget de minister fan Binnenlânske Saken Van der Zwan per direkt op non-aktyf te setten. Ek moat se foarkomme dat de gemeente de boetes betellet. De PVV beskuldiget de boargemaster fan ûnbehoarlik bestjoer.