RWS reparearret teiwaargatten

13 jan 2009 - 15:46

Rykswettersteat hat de oprit Grou nei de A32 yn de rin fan tiisdeitemiddei wer iepensteld foar it ferkear. De oprit waard tiisdeitemoarn ôfsletten omdat der troch it teiwaar gatten yn it asfalt ûntstien wiene. Dy gatten binne ferholpen.

Rykswettersteat wie tiisdei ek dwaande gatten te fullen yn de A7 by Boalsert. It stik dyk dêr wie net ôfsletten, mar it ferkear moast wol rekken hâlde mei in ridende ôfsetting. It wurk duorre oant in oere of seis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)