Spesjale Alvestêdekoeke

13 jan 2009 - 14:15
  • De spesjale Alvestêdekoeke
  • Bakker Boonstra mei de koeke oan ´e gong

Fryske bakkers hawwe tiisdei in spesjale Alvestêdekoeke lansearre ta eare fan it 100-jierrich bestean fan de Feriening De Friesche Elf Steden.

Ald-Alvestêdewinner Jeen van den Berg mocht it earste stik fan de Alvestêdekoeke priuwe. It idee komt fan bakker Roel Boonstra fan De Knipe. Dy ried de tocht sels trije kear. De koeke is krekt wat oars as gewoane koeke om´t der folkoarenroggemoal troch sit. De koeke is sûner en jout mear enerzjy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)