Frl-Campina ferkeapet fabryk

Suvelûndernimming Friesland Campina hat in fabryk yn Dútslan ferkocht. De nije Dútse eigner nimt alle 140 personielsleden fan it kwark- en bûterfabryk mei oer.
De ferkeap fan it fabryk hat neat te krijen mei de easken dy´t eurokommissaris Neelie_Kroes stelt oan de fúzje tusken Friesland_Foods en Campina. Ien fan dy easken is de ferkeap fan de fabriken yn Nijkerk en Bleskensgraaf.