Minder leden EHBO-ôfdielings

Tal ôfdielings yn problemen
De EHBO-ôfdielings yn Fryslân hâlde opnij rekken mei it sakjen fan harren ledetal. Yn 2007 telde de EHBO Fryslân noch sa'n 8000 leden, 200 minder as it jier dêrfoar. De eksakte sifers fan 2008 binne noch net bekend, dochs wurdt wer rekkene op ledeferlies.
Reden is dat in soad minsken gjin tiid en nocht hawwe om in EHBO-kursus te folgjen. In tal lokale EHBO-ôfdielings yn Fryslân wurdt yn syn besteansrjocht bedrige om't der te min leden binne.