Ferklearring fan goed gedrach
Minsken dy't frijwilligerswurk dwaan wolle, moatte altyd in ferklearring fan goed gedrach ha. De gemeente Ljouwert moat him dêrfoar ynsette. Dat fynt de PvdA yn Ljouwert. De partij makket him soargen dat der net in fêststeand belied foar is en hat dêr fragen oer steld oan B en W.
De fraksje docht dat nei it programma Zembla. Dat hie in reportaazje fan in man dy't feroardiele wie foar misbrûk fan bern en nei syn straf samar frijwilligerswurk mei bern dwaan koe.