Auto yn feart by Jorwert

De auto op ´e kop yn de feart (foto: Geartsje de Vries)
Yn Jorwert is moandeitejûn in auto op ´e kop yn de feart oan de Hesenserreed bedarre. De ynsittende, út Lelystêd, koe mei help fan omstanners út de auto komme. Dy wie troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke.
De plysje en trije brânwachtauto´s wiene gau te plak, mar dûkers fan de brânwacht hoegden net yn aksje te kommen.