Auto yn sleat by Folsgeare

© Omrop Fryslân
Op de grutte dyk by Folsgeare is moandei in man mei syn auto yn de sleat bedarre. De man rekke troch ûnbekende oarsaak fan de dyk, kaam yn de berm en ried doe yn de sleat.
De helpferliening wie der gau by, mar de man koe himsels rêde. Hy is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. De autobestjoerder krige wol in prosesferbaal, omdat er sûnder rydbewiis ried.