Auto yn Twizel útbaarnd

13 jan 2009 - 09:57

Yn Twizel is moandeitemiddei in auto folslein útbaarnd. It fjoer is nei alle gedachten oanstutsen. In tsjûge hearde in klap en seach dat twa manlju yn donkere klean hurd útnaaiden. Dêrnei seach de frou de flammen út de auto slaan.

De frou belle mei 1-1-2 en de plysje en de brânwacht wiene gau teplak, mar koene net foarkomme dat de auto folslein útbaarnde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)