Bromfytser botst op auto

13 jan 2009 - 09:54

In jonge fan 17 jier út Reduzum is moandei ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. It slachtoffer ried op syn bromfyts en botste frontaal op in auto.

De plysje tinkt dat de beide bestjoerders ôflaat waarden troch in ambulânse dy't mei sirenes foarby ried. De jonge hie ferwûnings oan ien fan syn skonken. Hy waard mei de ambulânse nei it sikehús brocht. De autobestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)