Hanneler yn fjoerwapens oppakt

13 jan 2009 - 09:23

De plysje hat moandei yn de gemeente Kollumerlân in 53-jierrige man oanholden foar hannel yn fjoerwapens. Yn syn wenning hat de plysje trije ferbeane wapens mei munysje fûn. Ein desimber waard by in 40-jierrige ynwenner fan de gemeente Achtkarspelen al in fjoerwapen, munysje en pepperspray oantroffen.

Nei oanlieding fan de herkomst fan it wapen, hat de plysje in ûndersyk ynsteld yn de wente fan de fertochte. Dêrby waarden wapens oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)