Mulder yn advyskommisje

12 jan 2009 - 20:39

Rimmer_Mulder, haadredakteur fan de Ljouwert Krante, hat in sit krigen yn in lanlike kommisje dy´t minister Plasterk advisearje moat oer fernijingen by de kranten. De Tijdelijke Commissie Innovatie en Toekomst Pers moat binnen trije moanne advys útbringe hoe´t de fernijing fan de krantesektor stimuleard en betelle wurde moat.

De kommisje moat ek yn byld bringe hoe´t it sit mei de takomst fan de krantesektor dy´t it tige dreech hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)