SC Hearrenfean ferliest finale

© Omrop Fryslân
SC_Hearrenfean hat op trainingskamp yn Turkije de finale om de Antalya Cup ferlern. Tsjin FC_Nürnberg stie it nei njoggentich minuten 1-1. De Dútsers namen de strafskoppen dêrnei folle better.
By it skoft wie de 1-1 einstân al berikt. De Feansters kamen op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Pinola. Ald-Ajax-spiler Charisteas soarge foar de lykmakker. Hearrenfean hie dêrnei trije missers fan alve meter.