Boargemaster lilk op plysje

Boargemaster Van_der_Zwan fan Achtkarspelen wol dat de gemeente de parkearboetes betellet dy´t útdield binne by de nijjiersresepsje fan de gemeente. Dêr kamen mear as 300 minsken op ôf en safolle parkearplakken binne der net by it gemeentehús.
Guon minsken setten de auto dêrom yn de berm by it stasjon, mar dêr hawwe se no in boete fan 60 euro foar krigen.