Rinsma State wer troulokaasje

12 jan 2009 - 15:10
  • Rinsma State wer troulokaasje

Rinsma_State yn Driezum is fan 1 april ôf wer beskikber as troulokaasje. Oant 1999 wie dat ek al it gefal, mar nei de iepening fan it nije gemeentehûs yn Damwâld, kaam Rinsma State as troulokaasje te ferfallen.

Dochs wie der hieltyd noch fraach nei it trouplak. Eigner Dirk_Scheringa hat de gemeente no witte litten dat Rinsma State wer beskikber is en dêrom hat de gemeente besletten it gebou wer oan te wizen as troulokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)