Bak folget Cees van ´t Veen op

Saskia Bak folget Cees van ´t Veen op
Saskia_Bak (44) folget Cees van ´t Veen op as foarsitter fan de Ried fan Bestjoer en dêrmei direkteur fan it Princessehof en it Frysk_Museum. Se is al langer lid fan de Rie fan Bestjoer en hat fan 1999 oant 2006 adjunkt-direkteur fan it museum west.
As lid fan de Rie fan Bestjoer is Bak nau belutsen by de nijbouplannen op it Saailân. Bak wurdt moandei fuortendaliks beneamd yn har nije funksje.