Ekstreme drokte brânwûnesintra

© Omrop Fryslân
De Nederlânske brânwûnesintra kampe mei ekstreme drokte. De desimbermoanne smiet 25 persint mear pasjinten op as oare jierren.
Yn Grins gie yn april it nije noardelike brânwûnesintrum by it Martinisikehûs iepen: wiene der earder tsien bêden beset nei de feestdagen, no wiene ek de acht ekstra bêden hurd nedich. Nei Twinte is Fryslân de regio dy´t de measte slachtoffers leveret oan it brânwûnesintrum.