JSF gjin gefaar foar omjouwing

© Omrop Fryslân
De mooglike komst fan de JSF sil gjin skealike gefolgen hawwe foar de omjouwing fan de fleanbasis yn Ljouwert. Dat seit steatssekretaris Jack_de_Vries fan Definsje.
De provinsje, gemeenten en doarpsbelangen fan û.o. Marsum en Koarnjum hawwe earder in brânbrief nei De Vries stjoerd. Se binne benaud dat der huzen yn de doarpen ôfbrutsen wurde moatte om't se yn de lûdssône lizze en it gefjochtsfleantúch folle mear lûd makket as de hjoeddeiske F16.