VVD wol triedleas ynternet

Ljouwert moat ien grut triedleas ynternetnetwurk krije. De VVD-fraksje stelt de gemeenteried fan Ljouwert foar dêrmei út ein te setten. As proef soe earst de binnenstêd fan Ljouwert ien dekkend netwurk krije moatte.
No binne der in hiel soad lytse netwurken, mar brûkers soene neffens de VVD oeral yn de stêd fia ien netwurk op it ynternet komme moatte kinne.