Orca swimt yn 'e medaljes

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter Orca dominearre de Fryske winterswimkampioenskippen sneon en snein yn Snits. De swimferiening helle acht algemiene titels en twa estafettetitels. HZ&PC pakte fiif algemiene titels en twa estaffettetitels en DZ&PC fan Drachten helle fiif algemiene titels.
Meast suksesfol wie de 19-jierrige Dennis Mooij fan HZ&PC fan It Hearrenfean mei fiif medaljes. Dêrby ek dy op it keningsnûmer: de 100 meter frije slach yn 51,39.