Mid-Fryslân wint fan SCO

11 jan 2009 - 17:01

De Fryske kuorbalderby haadklasse A tusken SCO en Mid-Fryslân is snein wûn troch Mid-Fryslân. Yn Wolvegea wûn de ploech út Reduzum en Grou krekt mei 18-17 sadat Mid-Fryslân no nei it twadde plak yn de kompetysje klimt. SCO út Aldeholtpea stiet mei ien wedstriid mear spile op it tredde plak.

De oare Fryske haadklasser, Drachten, spile sneontejûn yn Wageningen tsjin Vada. De Drachtsters ferlearen fan de koprinner mei 23-14. Drachten stiet no ien nei lêste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)