Rintsje wol trainer wurde

Ritsma by syn ôfskie, mei Jochem Uytdehaage
Rintje_Ritsma wol wol trainer wurde by it reedriden. Dat sei er sneon by syn ôfskie yn in fol Thialfiisstadion. De âld-Lemster fertelde ûnder oare dat er letter seker wat dwaan wol yn 'e reedriderij. Benammen de technyk fan it riden hat syn oandacht.
Ritsma is op it stuit noch manager fan it bobslydbûn.