PvdA siket 'nij boechbyld'

© Omrop Fryslân
De Fryske PvdA hat in fakatuere nei de leden stjoerd foar in nije deputearre. Dy sil de ein ferline jier ferstoarne Anita_Andriesen ferfange. De nije deputearre moat in soad bestjoerlike ûnderfining hawwe yn romtlike oardening, wenjen en plattelân.
Fierders moat hy of sy grutte affiniteit mei de provinsje Fryslân en 'in read hert' hawwe. De nije deputearre moat útgroeie kinne ta boechbyld fan 'e partij, stiet yn 'e fakatuere.