Arrestaasjes foar fernielings

11 jan 2009 - 14:47

Seis jongeren binne sneontenacht oppakt foar fernielerij. Twa 18-jierrige Gordyksters waarden yn it doarp sjoen doe't se autospegels stikken sloegen. In befeiligingsmeiwurker koe ien fan beide jonges oan 'e plysje oerdrage. Dy koe letter ek de twadde oanhâlde.

Op 'e Jouwer binne trije jonges fan 16, 17 en 18 jier âld út Skasterbrêge en in jonge (19) út Ginnum oppakt. Se soene in bushokje en in ôffalbak fernield hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)