Hurdrider pakt by Aldtsjerk

11 jan 2009 - 14:17

De plysje hat sneintemoarn betiid in rappe rider oanhâlden op de Lauwersseewei by Aldtsjerk. De 19-jierige Ljouwerter ried fierte hurd en helle yn dêr't dat eins net koe. Ut mjittings fan 'e plysje die bliken dat de man yn trochsneed 145 kilometer yn 'e oere op de teller te stean hie. Op de wei mei net hurder as 100 riden wurde.

De Ljouwerter hat in punterydbewiis en dit wie al syn twadde oertreding. Noch ien kear en hy is syn rydbewiis kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)