Goede prestaasje bobslydteam

11 jan 2009 - 14:12
  • Sybren Jansma (argyffoto)

Sybren_Jansma is snein knap twadde wurden mei syn fjouwermansbob op 'e wrâldbekerwedstriid yn Súd-Dútslân. De Nederlânske bob einige yn Königssee mei 0,09 sekonde efterstân op it Dútske team fan Karl Angerer. Dat is in moaie prestaasje foar it kommende Europeesk Kampioenskip, dizze wike yn Sankt Moritz yn Switserlân.

Jansma is de remmer yn 'e bob fan kopman Edwin van Calker. De oare bobbers binne Arno Klaassen en Arnold van Calker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)