Jûnsfleanen begjint wer

De fleanbasis Ljouwert begjint moandei wer mei jûnsfleanen. De F16's fleane dan oant en mei kertier foar alven jûns. Op freed wurdt der ek oerdeis flein. Dat duorret meiïnoar sân wike. De wike fan 23 maart is de lêste wike. Dêrnei is it seizoen foar it jûnsfleanen dien. Yn 'e hjerst begjint it dan wer.
It jûnsfleanen is wichtich foar de piloaten omdat de F16's ûnder oare nachts ynset wurde yn Afganistan.