Jild foar stjerhûs yn Drachten

© Omrop Fryslân
Boargemaster en wethâlders fan 'e gemeente Smellingerlân wol 75.000 euro subsydzje jaan foar in hospice yn Drachten. It jild is nedich foar de ferbou en ynrjochting fan in gebou oant it Súd. Dat kostet meiïnoar 300.000 euro. De rest fan it bedrach moat betelle wurde troch oare dielnimmende gemeenten, de provinsje en partikuliere fûnsen.
In hospice is bedoeld foar minsken yn de lêste fase fan harren libben dy't net thús stjerre kinne of wolle.