Ritsma beneamd ta earelid KNSB

10 jan 2009 - 17:50

Rintje Ritsma is sneontemiddei yn Thialf beneamd ta earelid fan de KNSB. Ritsma komt dêrmei yn it yllústere selskip fan Sjoukje Dijkstra en Atje Keulen-Deelstra. Dit die bliken út de taspraak fan Sippy Tigchelaar fan it algemien bestjoer fan it reedridersbûn.

Spesjaal foar de fans dy't op It Hearrenfean binne foar it Europeesk kampioenskip reedriden waard stilstien by it ôfskie fan 'De Bear fan De Lemmer'. Der wiene taspraken fan Erica Terpstra fan NOC*NSF en âld-reedriders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)