Sjongend by alve stêden del
Leden fan it Swolske koar 'De Koor' gongen sneon al sjongende de alve stêden by del. Yn alle stêden songen se it spesjale alvestêdeliet 'It giet oan' as presintsje oan Fryslân, foar it 100-jierrich jubileum fan de Alvestêdetocht.
It nûmer is skreaun troch de diriginte fan it koar op 'e meldij fan 'Sarabande' fan Händel.