Aksjeplan foar fiskerij

10 jan 2009 - 14:02

In spesjaal aksjeplan moat de fiskerij yn Noard-Fryslân en Grinslân in nije ympuls jaan. Yn it aksjeplan, dat lutsen wurdt troch de provinsje Grinslân, wurdt ûnder oare praat oer it bouwen fan in kennissintrum foar de fiskerij yn Lauwerseach.

Der soene dan opliedings jûn wurde moatte en mooglik sels ûndersyk dien wurde. Ek soene de fiskersdoarpen in opknapbeurt krije kinne om mear toeristen te lûken. Mei it jild soe de fiskerij sels wer holpen wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)