Elma de Vries 8e op 500 meter

Elma de Vries
De 500 meter foar froulju op it Europeesk kampioenskip reedriden yn Thialf is sneontemiddei wûn troch de Russyske Alla Sjabanova. Se wûn de koartste ôfstân fan it toernoai yn in tiid fan 39,58.
Paulien van Deutekom wie de bêste Nederlânske. Sy einige op it fjirde plak mei 40,04. Elma de Vries waard achtste yn in tiid fan 40,46. Sneon stiet ek de twadde ôfstân op it programma: de 3000 meter.