Auto tsjin lantearnepeal botst

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei de bestjoerder fan in auto, dy't yn de nacht nei sneon yn Dokkum tsjin in lantearnepeal botst is. De plysje waard ynskeakele troch in foarbygonger, dy't de auto stean seach.
Doe't de plysje by de auto kaam, wie de bestjoerder al fuort. Dy bestjoerder hat neffens de plysje mei hege faasje de binnenbocht naam en is doe de macht oer it stjoer ferlern. De auto rekke by de botsing swier skansearre.