Mei 140 km oer Lauwersseewei

10 jan 2009 - 13:21

De plysje hat by Aldwâld in rydbewiis fan in 41-jierrige automobilist út Enschede ynnaam. De man ried freedtemiddei mei 140 kilometer yn 'e oere oer de Lauwersseewei. Dêr mei mar tachtich kilometer yn 'e oere riden wurde.

In 21-jierrige automobilist út Grins moast by Kollumerpomp syn rydbewiis ynleverje. Hy ried mei 142 kilometer yn 'e oere oer de Kwelderwei. Ek dêr mei mar tachtich riden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)