Achterhoek-buorden yn Ljouwert

In boerd dat ferwiist nei de Achterhoeke
Op ferskate plakken yn Ljouwert hingje op it stuit buorden mei derop de tekst: 'Achterhoek 187 kilometer, 112 minuten'. Wa't de buorden der delhongen hat is in grut riedsel.
De foarmjouwing liket in soad op de buorden fan de ANWB, mar neffens in wurdfierster fan de organisaasje hawwe se der neat mei te krijen. Ek de VVV yn de Achterhoeke seit neat mei de buorden te krijen te hawwen. Ek yn Gouda en Arnhim binne de buorden ûntdutsen.