Gaslek fûn yn Frjentsjer

10 jan 2009 - 11:55

It gaslek yn Frjentsjer is sneontemiddei fûn en wurdt reparearre. Boppe op de gaslieding leine spanningskabels, wêrtroch't der in gatsje yn de lieding kaam.

It gaslek ûntstie yn de nacht nei sneon yn de Harnzerwei yn Frjentsjer. Tolve apparteminten waarden ûntromme. Neidat it bewuste stik gaslieding ôfsletten wie, koene de bewenners werom nei har appartemint. It gaslek hat gjin gefolgen hân foar de gaslevering yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)