IIsbaan Tersoal fernield

10 jan 2009 - 11:23
  • It iis is net moai mear
  • De mini-alvestêdetocht wurdt no op in feart holden

In grut diel fan de iisbaan fan Tersoal kin net mear brûkt wurde. Dat komt omdat earder dizze wike ien mei in auto oer de baan riden is. It iis fan de bûtenbaan hat dêrtroch flinke skea oprûn, allinne op it middenstik kin noch riden wurde.

Fanwege it stikkene iis moat de mini-alvestêdetocht sneon diels op in neistlizzende feart hâlden wurde. De iisbaanferiening oerwaget by de plysje oanjefte te dwaan fan de fernieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)