Krystdoarp: 33.000 euro

33.000 euro foar MS-pasjinten
It Krystdoarp yn De Wielepôlle yn Ljouwert hat goed 33.000 euro opbrocht. Dat jild giet nei in stichting foar multiple sclerose-pasjinten. De opbringst leit sa'n 13.000 euro heger as ferline kear.
Nettsjinsteande it sukses hâldt it Krystdoarp op te bestean. De organisearende stichting is it sêd dat it beskuldige wurdt de opbringst yn eigen bûse te stekken. Under oare op de webside Liwwadders binne dy beskuldigings te lêzen.