Stimproblemen Mirjam Timmer

Mirjam Timmer hat stimproblemen
It is noch mar de fraach of sjongeres Mirjam Timmer freed meidwaan kin by de premjêre fan it lietsjesprogramma Motel Westcoast. By de earste try-out yn it teater fan Emmeloard koe Timmer net optrede fanwege stimproblemen.
Motel Westcoast is in projekt fan sjonger Syb van der Ploeg. Yn it teaterprogramma sjongt hy mei ûnder oaren Mirjam Timmer muzyk fan bands as the Beach Boys en the Eagles. Yn 2007 wie de earste toer fan Motel Westcoast.