Winst Hearrenfean yn Turkije

09 jan 2009 - 23:31

Sportclub Hearrenfean hat de earste wedstriid fan in minitoernoai yn Antalya mei 1-0 wûn fan Trabzonspor. Tsjin de nûmer twa fan Turkije makke Gerald Sibon fier yn de twadde helte it winnende doelpunt. By de Feansters makke Vikor Elm syn debút.

Roy Beerens kaam net yn aksje. Hy hat lêst fan syn hamstring. Michel Breuer is wer blessuerefrij en spile de hiele wedstriid. Moandei spilet Hearrenfean tsjin FC Nürnberg. De Dútsers wûnen mei 2-0 fan Antalyaspor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)