Sven Kramer oan kop by EK

09 jan 2009 - 19:14

Sven Kramer giet royaal oan kop nei de earste dei fan it EK reedriden. Hy wûn de 5 km. yn in tiid fan 6.15,76. Twadde waard Bökko en tredde Wouter Olde Heuvel. Op de 500 meter waard Kramer 5e. Yn it tuskenklassemint stiet Kramer 1e en binne Olde Heuvel en Bökko twadde en tredde.

Twa grutte konkurrinten foelen al ôf. Bökko ferprutste syn 500 meter mei in tal misslaggen en Fabris waard op de 5 km. diskwalifisearre, omdat hy troch de blokjesline riden wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)