Friezen yn Dakar Rally

09 jan 2009 - 17:06

Marcel Schoo fan Wolvegea is ferwûne rekke by de Dakar Rally yn Súd-Amearika. Schoo syn racetruck is omfallen en dêrtroch hat hy twa ribben brutsen. Hy is ophelle mei in helikopter en nei it bivak brocht. Syn byriders mankearre neat.

It oare Wolvegeaster duo Gerrit van Mourik en Henk Booij leit út de rally. Se ha maleur mei de auto. Gerard List fan Flylân stiet 75ste by de motoaren. Anne Kies fan Appelskea stiet mei syn frachtwein op it 19e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)