Minder jild foar dakleazen

09 jan 2009 - 15:03

Ljouwert driget fan takom jier ôf 3,7 miljoen euro minder foar de soarch foar dak- en thúsleazen te krijen. Dat is it gefolch fan in nije manier fan ferdielen fan it jild. Yn Nederlân krije 43 gemeenten jild fan it Ryk foar sokke maatskiplike opfang. Foar 27 pakt de nije ferdieling negatyf út.

Foar Ljouwert binne de gefolgen it grutst. Zienn, dy´t de maatskiplike opfang yn Ljouwert fersoarget, kin troch de nije ferdieling sa´n 400 oant 500 minsken minder helpe as no.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)