'Yllegale' skommel moat fuort

De bern by de 'yllegale' skommel
Der is reboelje oer in skommel oan in beam fan 'e gemeente Ljouwert by de Emmakade. Dy hinget der yllegaal en moat der no wei, sa fynt de gemeente. De bern út de buert wolle in protestaksje begjinne.
De skommel moat bliuwe, fine de bern. Se meitsje der al in healjier gebrûk fan en gjinien hat der lêst fan. Mar de gemeente hat in brief ophongen, dat it yllegaal is en dat dy der wei moat. De gemeente wol net om lyk. Foar woansdei moat de skommel der wei.