Wielepôlle is teloarsteld

De bewenners fan 'e Wielepôlle yn Ljouwert binne bot teloarsteld om't se de wykpriis fan gemeente Ljouwert net krigen ha. Mei de fersierde krystwyk en sponsoraksje foar MS-pasjinten diene se mei oan de wykpriis.
By de nijjierssresepsje die bliken dat Snakkerbuorren wûn hie mei de doarpstún. De 5000 euro giet dus nei dat projekt, wylst de Wielepôlle it jild graach brûke woe foar har goeie doel. De bewenners Rinus en Piet hellen freed ferhaal op it stedhûs.