Mar bytsje skippen oer Iselmar

09 jan 2009 - 11:56

It tal skippen dat oer de Iselmar fart is de lêste dagen fermindere fan hûndert nei tritich deis. Dat meldt Schuttevaer.

Oarsaak is it iis op de mar. Oant no ta slagget it skippen noch om sels troch dat iis te farren. As dat net mear wol, lit Rykswettersteat de skippen achter inoar oer de Iselmar farre. De rige wurdt foarôf gien troch in tal iisbrekkers. Neffens Schuttevaer ha skippen op oare plakken yn it lân ek noch gjin grutte problemen troch it iis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)