Winkelmeiwurker bedrige
In ynwenner fan Ljouwert hat tongersdei op It Hearrenfean in meiwurker fan in winkel bedrige mei in mes.
De meiwurker besocht de man oan te hâlden neidat dy in tal produkten út de winkel stellen hie. Uteinlik slagge dat. De dieder waard dêrnei oerdroegen oan de plysje. Dy hat him fêstset op it buro.