Besite út Israel en Palestina

Riman Barakat en Yonathan Druckman op 'e Sweach
In Israely, in Palestynske en in Nederlander dy't yn Jerusalem wurkje. Boargemaster Ravestein fan Opsterlân krige tongersdei besite fan sa'n delegaasje wylst it konflikt tusken Israel en Palestina heech oprint.
Opsterlân hat al jierren in trijehoeksrelaasje mei de Israelyske gemeente Ra'anana en de Palestynske gemeente Beit Sahour. Tongersdei wie de delegaasje yn Fryslân yn it ramt fan Municipal Alliance for Peace, de gemeentlike alliânsje foar frede.