Diel Fryslân sûnder wetter

De streek tusken Drachten en It Hearrenfean hie oerenlang gjin wetter
Wetterbedriuw Vitens wit noch hieltyd net wat de oarsaak is fan de wettersteuring yn de omkriten fan Lippenhuzen. Dudlik is wol dat der minder druk is yn de wettertoer yn dat plak. Monteurs binne al sûnt seis oere freedtemoarn op syk nei de oarsaak.
Neist Lippenhuzen hawwe ek doarpen as De Gordyk, Terwispel, Beetstersweach, Jobbegea en Nij Beets lêst fan de steuring. Omdat de oarsaak noch net fûn is, kin Vitens ek noch neat sizze oer hoelang de steuring duorret.