Jesper Hospes Frysk kampioen

08 jan 2009 - 23:29

Jesper Hospes is tongersdeitejûn Frysk kampioen op de koartebaan wurden. De 20-jierrige reedrider fan It Hearrenfean wie op de baan fan de 150 jierrige iisclub 'Vlecke' fan De Jouwer yn de finale al syn konkurrinten de baas.

Yn de alles beslissende lêste rit tsjin Sietse Heslinga fan Warkum wie it ferskil lyts, mar Hospes koe mei de bêste totaaltiid en mei trije oerwinnings yn de finale it kampioenskip fiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)